Fryslân DOK fan 10 desimber 2017 17:00

Yn de neisleep fan in deadlik ferkearsûngelok is der faak net allinnich it ferlies, mar ek in juridyske neisleep dy't de neibesteanden foar harren kiezzen krije.
In soad neibesteanden fersûpe yn in see fan regels, wetten en útspraken dy't faak mear krom as rjocht fiele.

Nei oanlieding fan de dokumintêresearje Teken fan Libben, ûndersochten de makkers de wrâld fan de juridyske neisleep fan slimme ferkearsûngelokken mei feroarsakers.

Wat stiet der maatskiplik en persoanlik op it spul yn de gong nei de rjochter?
Wurde neibesteanden wol genôch erkend en yn beskerming naam tsjin de gefolgen fan harren ferlies?

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)