Fryslân DOK fan 1 oktober 2017 17:00

Blau de himel, grien it gers (diel 2)

Iuwenlang ha we gers besjoen as it gewaaks dat Fryslân syn kenmerkjende lânskip joech en dat de lânbou yn ús provinsje grut makke. De lêste jierren lykwols fleane der termen as 'griene woestyn' of 'zombielânskip' oer de skutting. Wat is der bard mei it gers dat it fan súksesplant ynienen yn it ferdomhoekje telâne kaam is?

Is gers de eksponint fan wat we tsjintwurdich 'lânskipspine' neame, of soe gers yn de takomst miskien krekt it plantsje wurde kinne dat boarch stiet foar weromkommende biodiversiteit en in duorsum lykwicht tusken natuer en lânbou?

Yn in trijelûk sjocht FryslânDok nei de eftergrûn en de kwaliteiten fan gers. Yn diel 1 (útstjoerd op snein 24 sept.) seagen we nei de komôf fan gers en hoe't dat yn Fryslân telâne kaam. Yn diel 2 sjogge we nei de krêft fan gers: hoe kin it dat dat simpele gewaaks sa'n unike skeakel is yn de lânbou en sels ûnmisber yn it hiele biosysteem?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)