Fryslân DOK fan 1 novimber 2020 17:00

'Op transport nei it noarden’:

Yn jannewaris 1945 wiene de gefjochten tusken Dútske troepen en de Alliearden by de Maas yn Midden-Limboarch sa heftich wurden, dat de besetter besleat om him te ferskânzjen yn Roermond. Der kaam in grutskalige twongen evakuaasje op gong. Mear as tritichtûzen minsken út Roermond en de omlizzende doarpen waarden op transport set nei it noarden fan it lân. Sechstjin treintransporten yn fjouwer wike tiid, ûnder erbarmlike omstannichheden. De treinen makken lange omwegen troch Dútslân en waarden dan besketten troch Alliearde fleantugen.
Op 7 febrewaris 1945 kamen 19 ynsitters om it libben en rekken 35 swier ferwûne.

Yn de Fryslân DOK 'Op transport nei it noarden' fertelt dokumintêremakker Gerard van der Veer harren ferhaal.

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(Advertinsje)