Fryslân DOK fan 1 maart 2020 17:00

Leafde foar liuwen - fan Aleppo oant Nijeberkeap

Uthongere en mei de dea yn de eagen wurde twa jonge tigers út in bombardearre pretpark yn Aleppo helle. Nei in lange reis kinne se bykomme by Felida yn Nijeberkeap. Ek twa ferstjitten liuwewelpen út in suterige bistetún yn Bulgarije krije dêr in thús. De Fryslân DOK 'Leafde foar liuwen - fan Aleppo oant Nijeberkeap' jout in blik tusken de traaljes troch fan opfangsintrum Felida.

Programmamakker Timo Brinkman folget foar Fryslân DOK fersoarger Juno van Zon dy't, soms mei gefaar foar eigen libben, yn it bûtenlân bisten rêdt. Yntusken docht lokaasjemanager Simone Schuls alle war om yn Nijeberkeap in nije opfang te realisearjen mei bettere fasiliteiten. Wat driuwt harren yn 'e leafde foar dizze - net altyd like leave -liuwen?

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)