Fryslân DOK fan 1 april 2012

De sintrale as, in omstriden wei

Al 15 jier wurdt der praat oer in bettere ferbining fan Dokkum nei Nyegea (by Drachten). No moat it ferkear dwers troch ferskate doarpen hinne. Yn it plan foar De Sintrale As komt der in fjouwerbaansdyk dy't om de doarpen hinne giet. Der hat in fûle striid west oer De Sintrale As tusken minsken dy't de dyk in oantaasting fan de natuer fûnen en oaren dy't it ekonomysk belang foarop setten. Yn dizze Fryslân DOK wurde alle foar- en neidielen nochris besprutsen.

Alle beswieren fan de natuerbeskermers binne troch de Ried fan Steat fersmiten. Dochs leit net elk him dêr by del. In tal âld-steateleden fan it CDA, PvdA, Grien Links, D'66 en de FNP wolle De Sintrale As troch in boargerinisjatyf op 'e nij op de aginda fan de Fryske steaten pleatse. De groep, dy't har plan 'Better As' neamt, wol dat it noardlike diel fan de rûte twabaans bliuwt.

Steatelid Henni van Asten (PvdA) fynt dat de mooglikheid fan in boargerinisjatyf net foar dizze gefallen bedoeld is. Dan soe elk in beslút, dêr't hy of sy it net mei iens is, wer yn diskusje bringe kinne. It mei neffens Van Asten allinne brûkt wurde as de steaten eat oer de holle sjoen hawwe, of as it om in nij ûnderwerp giet.

De bestjoerders yn de Noardeasthoeke fan Fryslân fine dat De Sintrale As nedich is foar de ekonomy. Dokkum en omkriten hawwe lêst fan de krimp en goede ferbinings kinne dat tsjingean. Ekonoom Jan Oosterhaven fan De Rijksuniversiteit Groningen jout syn fisy oer de effekten dy't de sintrale as hawwe sil.

Share this page on:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
(advertinsje)