Fryslân Aktueel: Solar Challenge fan 2 july 2014 18:20

It is alwer de fjirde wedstriiddei fan de Solar Challenge. Op dizze dei wurdt der gjin lange ôfstân fart mar bliuwe de sinneboaten yn Snits. Mar dat betsjut net dat it in rêstdei is foar de wedstriid-teams. Sa wurdt der striden tidens in massastart by de Wetterpoarte, der is in sprint en in slalom. Ek dogge de dielnimmers fan de Young Solar foar it earst mei oan de westriden. Dit evenemint is dit jier foar it earst ûnderdiel fan de Solar Challenge. Acht teams mei learlingen út it foartset ûnderwiis gean de striid mei elkoar oan yn de binnestêd fan Snits. En sa kinne se tagelyk leare fan de kunde fan al de âldere dielnimmers dy't meidogge oan de 'echte' race.

Share this page on:

Solar Challenge

Foar de fiifde kear wurdt fan 28 juny oant en mei 5 july de Solar Challenge hâlden, de grutste race foar boaten op sinne-enerzjy fan de wrâld. De rûte giet foar it earst net by de alve stêden del, mar de start is yn Blauwestad yn Grinslân. Dêrnei farren de boaten yn seis dagen fia Grins, Drachten, Snits en Harns nei finishplak Ljouwert. Omrop Fryslân televyzje bringt dizze wike alle dagen nei Hjoed in ferslach fan de Solar Challenge Fryslân.
(advertinsje)