Fryslân Aktueel: Solar Challenge fan 1 july 2014 18:20

Op de fjirde dei fan de Solar Challenge farre de sinneboaten fan Drachten nei Snits en de totale lingte fan de etappe is 38 kilometer. Fanút Drachten fia de earste finish by it 'Kruiswater' farre de boaten fia de Grote Potten troch nei Snits, dêr't de twadde finish by de Wetterpoarte is.
Op dizze wedstriiddei folgje wy it Synergy Solar Team fan ROC de Friese Poort Drachten.

Yn de rûte is de oerstek by it Prinses Margrietkanaal. Dat sil yn konfoai barre en hat aardich wat organisaasje nedich.

Op de tredde dei fan de Solar Challenge is in nij elemint ynbrocht; de jûnsetappe.
Op moandei om ûngefear 16.00 oere wie de twadde finish yn Zoutkamp. Fan dêrút gongen alle sinneboaten op trailers rjochting Fryslân. Dêr kamen se oan op kamping 'de Leyen' by De Rottefalle en starten om 19.00 oere harren jûnsetappe.

Share this page on:

Solar Challenge

Foar de fiifde kear wurdt fan 28 juny oant en mei 5 july de Solar Challenge hâlden, de grutste race foar boaten op sinne-enerzjy fan de wrâld. De rûte giet foar it earst net by de alve stêden del, mar de start is yn Blauwestad yn Grinslân. Dêrnei farren de boaten yn seis dagen fia Grins, Drachten, Snits en Harns nei finishplak Ljouwert. Omrop Fryslân televyzje bringt dizze wike alle dagen nei Hjoed in ferslach fan de Solar Challenge Fryslân.
(advertinsje)