Fryske Undernimming fan it Jier fan 23 april 2013

Jûn de finale út Drachten wei live op Omrop Fryslân Televyzje

Hokker bedriuw wurdt de Fryske ûndernimming fan 2013? Dat wurdt bekend makke op tiisdei 23 april yn de finale fan de ferkiezing ‘Fryske Undernimming fan it Jier 2013’, live op Omrop Fryslân Televyzje. Al sûnt 1989 wurdt dy ûndernimmingspriis jierliks útrikt oan de bêste Fryske ûndernimming. De presintaasje fan de finale is yn hannen fan Eric Ennema fan Omrop Fryslân.

Der binne fjouwer nominearren: Tuinbouw Hartman yn Seisbierrum, Steensma yn Ljouwert/Frjentsjer, Ecostyle yn Appelskea en Spruyt Arkenbouw op It Hearrenfean. Sy hawwe harren wiidweidich presintearre yn twa programma’s, dy’t útstjoerd binne/wurde op Omrop Fryslân Televyzje op tongersdei 11 en 18 april. De programma’s binne werom te sjen op de website fan Omrop Fryslân, fia ‘útstjoering mist’.

De bedriuwen hawwe alle fjouwer in krityske, saakkundige sjuery op besite hân, besteande út: Diana Monissen (foarsitter ried fan bestjoer De Friesland Zorgverkeraar), Piet Smit (direkteur Poiesz Supermarkten), Hans Snijder (haadredakteur Ljouwerter Krante) en Hans Konst (deputearre Provinsje Fryslân).

Yn de finale wurde de nominearren mei filmkes nochris koart presintearre. Oan ‘e hân fan de punten, dy’t jûn wurde troch de sjuery en it oanwêzige publyk, bliuwe der noch twa bedriuwen oer. Dêrnei wurdt de winner bepaald troch de stimmen dy’t binnen kaam binne fia ynternet, it publyk by de útstjoering en de sjuery.

De finale fynt plak by Philips yn Drachten. De priisútrikking fan 18:20 oere ôf is live te sjen by Omrop Fryslân. Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, John Jorritsma, sil de priis útrikke oan de bêste Fryske ûndernimming fan 2013.

Diel dit berjocht op:

Undernimming fan it jier

Hokker bedriuw wurdt de Fryske ûndernimming fan 2015? De yntroduksje fan de bedriuwen en de ferkiezing op Omrop Fryslân Televyzje te sjen op tiisdei 21 april om 18.20 oere.
(advertinsje)