Fryske Undernimming fan it Jier fan 18 april 2013

Hokker bedriuw wurdt de Fryske ûndernimming fan 2013. Yn twa programma's komme de fjouwer nominearre bedriuwen oan bod. Jûn de beide oare bedriuwen:

- Túnboubedriuw Hartman fan Seisbierrum. In famyljebedriuw dat sûnt 1969 yn Fryslân ûnder oaren komkommers, paprika's, tomaten en wytlof op bestelling teelt. Duorsum ûndernimme is wichtich foar Hartman en sa produsearje sy CO2 neutraal.

- Steensma yn Ljouwert en Frjentsjer is al yn 1839 begongen as bakkerij. It bedriuw is benammen bekend fan de konfijterij mar hat de produksje útwreide nei in grut assortimint foar de bakkerijen. De cup-cake-hype soarget op it heden ek foar in grutte groei.

De finale fan de Fryske ûndernimming is 23 april 2013 en is live te sjen by Omrop Fryslân. Je kinne no al in stim útbringe op jo favoryt! www.verkiezingfrieseonderneming.nl

Undernimming fan it jier

Hokker bedriuw wurdt de Fryske ûndernimming fan 2015? De yntroduksje fan de bedriuwen en de ferkiezing op Omrop Fryslân Televyzje te sjen op tiisdei 21 april om 18.20 oere.
(advertinsje)