Fryske top 100 op TV fan 27 desimber 2020 17:30

Hjoed alwer de lêste fan fjouwer 1,5 meter sesjes út it Woudagemaal op de Lemmer wei. Spesjaal foar de Fryske top 100 komt Gurbe Douwstra del. Hy spilet twa lieten yn de histoaryske setting fan it 100 jier âlde gemaal. Gurbe stie ferline jier foar de njoggende kear op nûmer ien mei it liet 'De Cliffs of Moher'. It ferhaal efter dat liet en hoe ast 'Moher' no eins útsprekst, dielt er yn dizze ôflevering mei presintator Willem de Vries. Ek spilet hy it nûmer 'Te plak', dat giet oer de fraach wannear't je eins te plak binne yn it libben. "Ast rêst en romte fûn hast yn dyn holle, dan bist te plak", sa seit Gurbe it sels.

Stimme foar de Fryske top 100 kin net mear. Oft Gurbe Douwstra dit jier foar de tsiende kear op nûmer ien stiet mei syn 'Cliffs of Moher'? Do hearst en sjochst it op âldjiersdei by Omrop Fryslân yn de Fryske top 100. Stim op Gurbe op De Fryske Top 100

Fryske top 100 op TV

We knalle der wer yn mei de Fryske Top 100!
(Advertinsje)