Fryske top 100 op TV fan 20 desimber 2020 17:30

Yn de Fryske top 100 1,5 meter sesje fan dizze wike komt Carla de Bruine nei it Woudagemaal. Se is bekend wurden troch har rol en liet yn it teaterstik 'It Kollumer Oproer'. It liet 'Hoe 't it fielt' kaam yn 2019 op nûmer 27 binnen yn de Fryske top 100. Carla is dit jier belutsen by de film oer Grutte Pier fan Steven de Jong en song dêrfoar it liet 'Skriem om my'. It is in cover dy't se hielendal nei har eigen hân setten hat. "Ik kin sa lekker myn gefoel yn beide nûmers kwyt", seit se yn petear mei presintator Willem de Vries yn it Woudegemaal op de Lemmer. My pianist Ruben bringt se beide nûmers yn in spesjale 1,5 meter útfiering.

Is Carla de Bruine foar dy in nûmer ien? Lit dyn stim hearre op www.frysketop100.nl

Fryske top 100 op TV

We knalle der wer yn mei de Fryske Top 100! Start moandei 1 novimber!
(Advertinsje)