Fryske muzyk yn Eastenryk fan 24 augustus 2015 17:20

(Werh.) Yn de earste ôflevering folgje wy Hendrina Wiersma en Margreet Semplonius. Sy trouden beide mei in man út Westendorf yn Eastenryk. Sa ûntstie der in lytse Fryske mienskip yn Eastenryk en it fûnemint foar de Fryske muzykwike. Hendrina is gastfrou fan hotel Mesnerwirt dêr't in bus fol Fryske muzykfans in wike lang ferbliuwt. Margreet is gastfrou fan pensjon Haus Leo dêr't de Fryske artysten Griet Wiersma, Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Veeman in wike lang útfanhûs binne.

En fansels gjin reis sûnder de sjauffeur Henk. Hy soarget foar it feilige ferfier en sa komme fans nei in rit fan sa'n 12 oeren oan yn Westendorf en kin it grutte muzykfeest begjinne.

Diel dit berjocht op:

Fryske muzyk yn Eastenryk

In wike mei nocht en wille, Fryske muzyk en libbensferhalen fan reisgenoaten.
(advertinsje)