Frouljus PC fan 25 augustus 2021 14:00

Foar it twadde jier op rige ha Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra de Frouljus PC wûn. Yn Weidum wienen se de hiele dei oppermachtich.

Yn de finale wûnen de titelferdigeners mei 5-2 en 6-4 fan Tineke Dijkstra, Louise Krol en Harmke Siegersma. Dijkstra-en-dy pakten it earste buordsje, mar dêrnei rûn Sijbrandij út nei 4-1. Benammen Manon Scheepstra sloech de iene nei de oare bal boppe. Dijkstra kaam noch werom oant 4-2, mar spannend waard it net mear. Op 5-2 en 6-4 helle de opslach fan Tineke Dijkstra it perk net.

Foar de finale hienen Sijbrandij-en-dy mar ien buordsje tastien. Dat wie yn de twadde omloop tsjin Inge Jansma, Larissa Smink en Anouk Smink (5-1 6-4). Dêrfoar hienen de favoriten al mei 5-0 6-0 ôfrekkene mei Sietske Okkema, Jeska Terpstra en Martzen Deinum. Yn de heale finale hienen Sijbrandij-en-dy in steand nûmer.

Manon Scheepstra hat de wichtichste wedstriid fan it jier no sân kear wûn. Foar Sijbrandij en Zeinstra is it nei de winst fan ferline jier de twadde PC-titel

Frouljus PC

Rjochtstreeks ferslach fan de Frouljus PC yn Weidum, te folgjen op telefyzje, radio en online.
(Advertinsje)