Froulju fan Fryslân fan 8 novimber 2018 17:45

It boetsearjen kin oangean. It byld fan Gea is as earste oan bar. Gea is as frijwillichster altyd dwaande foar de mienskip yn Frjentsjer. Se soarget der bygelyks foar dat minsken holpen wurde mei karweien yn 'e hûs en organisearret de Samenloop voor Hoop. In kuierestafette om jild byinoar te krijen foar KWF Kankerbestrijding.

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
(advertinsje)