Froulju fan Fryslân fan 29 novimber 2018 17:45

De spylsters fan SC Hearrenfean froulju hoege der net lang oer nei te tinken: harren foarsitter Froukje fertsjinnet neffens harren in stânbyld. Froukje set har mei hert en siel yn om it frouljusfuotbalteam op de kaart te setten. Yn de brûnsjitterij mei Froukje alfêst efkes by har boarstbyld sjen. Hoe is it foar dizze stoere frou om ynienen each yn each mei har evenbyld te stean.

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
(advertinsje)