Froulju fan Fryslân fan 25 oktober 2018 17:45

De syktocht nei de Froulju fan Fryslân is begûn. Keunstner Natasja Bennink is rûnom yn de provinsje te finen om te freegjen hokker froulju dat neffens de Friezen wêze moatte. Sa is se ûnder oare op de merk yn Snits, by de stoere seemannen yn Harns, de fuotbalfroulju op It Hearrenfean en by it AZC yn Sint Anne. Yn Haskerdiken moetet Natasja in boer. Hokker frou draacht hy foar?

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
(advertinsje)