Froulju fan Fryslân fan 22 novimber 2018 17:45

It is waarm yn de brûnsjitterij. Hjoed wurde de bylden fan de Froulju fan Fryslân jitten. It smelten brûns fan mear as 1000 graden wurdt yn de mallen jitten.

Tytsje is derby. Har bernsbern Anne nominearre har foar in stânbyld. Sa aktyf en foarútstribjend as har 'beppe' is, hopet sy letter ek te wurden. Tytsje (72) út Stiens hat in eigen buorkerij en in drok, wurksum libben efter de rêch as hânfeardigenslearares.

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
(advertinsje)