Froulju fan Fryslân fan 20 maart 2019 17:45

It is safier: de bylden binne klear en kinne yn it Amelius van Oenemapark op It Hearrenfean delsetten wurde. Hoe sil it lykje no't se bûten steane? Jildou (18) is de jongste fan de Froulju fan Fryslân-froulju. Se docht in technyske oplieding en rint staazje by in bedriuw dat spesjalisearre is yn hydraulyk. Presys wat sy aardich fynt. Neffens Jildou soene folle moar famkes in technyske oplieding folgje kinne. By iepen dagen helpt Jildou dan ek altyd mei om famkes oer te streep te lûken.

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
(advertinsje)