Froulju fan Fryslân fan 15 novimber 2018 17:45

De earste opset fan de bylden is klear en it is tiid foar de Froulju fan Fryslân om model komme te stean yn it atelier fan Natasja. Mirte (28) út Surhústerfean is as earste oan bar. Sy waard nominearre troch har goede freondinne Jolanda. Mirte komt hast alle dagen wol efkes by har en har soan Thijmen op besite. Thijmen hat autisme en libbensbedriigjende epilepsy, wat in soad soarch freget. Mirte helpt Jolanda sa folle mooglik, troch op te passen, in lústerjend ear te bieden of tegearre op syk te gean nei goede help foar Thijmen.

Froulju fan Fryslân

Hast twahûndert froulju waarden nominearre, seis dêrfan krije in echt stânbyld. Wa binne de froulju efter dy bylden?
(advertinsje)