Friesian Proms fan 13 jannewaris 2017 20:30

    Op 13 jannewaris hawwe tsientallen Fryske hynders in glânzjende haadrol yn it muzikale showprogramma Friesian Proms. Omrop Fryslân stjoert dy jûn live út fan 20.30 ôf. Se diele de pyste mei sjonger Xander Buisonjé, musikalstjer Joke de Kruijf, it populêre trio O’G3NE en it muzikale en komyske duo Stenzel & Kivits. De artysten wurde begelaat troch it troch Theo Brouwer dirigearre ‘The Symphonic Music Connection’ en de jûn wurdt regissearre troch Theo Smedes.

    It programma fan Friesian Proms sit fol mei hynderacts. Josh Clemens fersoarget mei syn showteam in spektakulêre Wild-West show. De Catalaan Santi Serra Camps etalearret yn it WTC syn frijheidsdressuer. Hy reizget de wrâld rûn mei shows wêryn't syn hynders en hûnen folslein frij mei him troch de piste dwarrelje.

    En natuerlik trede in soad Fryske hynders, beriders en menners út ‘eigen gelederen’ op wilens Friesian Proms. Diels yn kombinaasje mei de artysten dy't harren opwachting meitsje.

    Friesian Proms 2018

    Friesian Proms

    Op freed 12 jannewaris is de Friesian Proms live te sjen by Omrop Fryslân. It hynstespektakel wurdt dit jier beselskippe troch sjonger Douwe Bob, de ferneamde Italiaanske tenoar Alessandro Safina, Elske DeWall, sopraan Belinda Vermeer en oaren.
    (advertinsje)