Freule Kafee fan tiisdei 7 augustus 2018

Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen sjocht mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule. Beide sjogge werom op dy tiid mei Jouke Bosje: de winner fan de Freulepartij 2008. Bauke van der Graaf fan Berltsum ferlear twa finales op rige. Efter dit ferlies sit in dramatysk famyljeferhaal. Hy fertelt it yn it Freule Kafee. De livemuzyk wurdt fersoarge troch de band Vangrail

SportCast

Is sport de wichtichste bysaak fan it libben? Dizze SportCast is foar eltsenien dy't dat fynt. Us sportferslachjouwers prate yn de podcast oer de ferrjochtingen fan Fryske sporters.
(advertinsje)