Freule kafee fan 7 augustus 2018 19:00

Op de foarjûn fan de Freule is it op tiisdei 7 augustus tiid foar it alderearste Freule Kafee. Yn kafee-restaurant It Reade Hynder yn Wommels sjocht presintator Geert van Tuinen sjocht mei sidekick Sjoerd de Jong werom op syn Freulekeatstiid. Sjoerd de Jong ferlear trije kear dramatysk op de Freule. Beide sjogge werom op dy tiid mei Jouke Bosje: de winner fan de Freulepartij 2008. Bauke van der Graaf fan Berltsum ferlear twa finales op rige. Efter dit ferlies sit in dramatysk famyljeferhaal. Hy fertelt it yn it Freule Kafee. De livemuzyk wurdt fersoarge troch de band Vangrail.

Freule Kafee

It Freule Kafee út it Reade Hynder yn Wommels mei Geert van Tuinen en sidekick Sjoerd de Jong.
(advertinsje)