Fratsen fan 2 maaie 2014 17:50

    Fratsen: Snertkonsert.

    Pier en Marike sille optrede op de feestjûn fan skoalle.
    Se sille meidwaan oan in toanielstikje.
    Heit en mem komme te sjen.
    De bern binne wol wat senuweftich fansels.
    Lokkich hat mem maklik iten makke.
    Snert!

    Berneprogramma

    Alle jûnen foar de alderlytsten in berneprogramma fan in pear minuten om de dei mei ôf te sluten. Ofwikseljend Tomketiid, Bear Boeloe en Fratsen.
    (advertinsje)