Fol Fjoer fan 4 augustus 2017 18:40

De hertstocht foar de SKS
By Anne Tjerkstra (71) sit it skûtsjesilen yn it bloed. Hy is berne op in skûtsje en wit net better. Fan syn 10e jier ôf docht hy al mei oan de silerij en in libben sûnder kin Anne net betinke. It is in machtige sport, jo moatte it belibje en derby wêze. It fakmanskip, de striid en de famyljes, dêr genietet Anne fan. “It farren mei in skip fan mear as 17 ton, dat je dat yn ‘e macht ha en dat alles slagget...dat jout in kick”, sa seit Anne, dy’t dizze simmer meifart op it Grouster skûtsje as meitinker en adviseur.

Fol Fjoer

Fol Fjoer is in nij telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de trije grutste Fryske simmersporten keatsen, skûtsjesilen en fierljeppen.
(advertinsje)