Fol Fjoer fan 28 july 2017 18:40

    De passy foar it keatsen
    Durk Gjaltema (65) is al sûnt syn jeugd hielendal sljocht op keatsen. Hy hat sels in soad keatst mar sûnt in blessuere slagge it net mear. Gjaltema sit mei kop en earen yn de keatserij, op dit stuit is hy ferantwurdlik foar it waskjen fan de shirts fan alle haadklasse keatsers. Hy hat in fêst plak by it fjild en gjin haadklassepartij giet sûnder him foarby. Durk kin allemachtich genietsje fan in moaie slach en krijt dêr pikefel fan. Somtiden ferjit er sels te iten by in wedstryd. Keatsen is syn libben.

    Win kaarten foar de PC!

    Wa waard ferline jier kening fan de PC?

    Stjoer jo oplossing úterlik foar sneon 29 july 10.00 oere nei folfjoer@omropfryslan.nl en meitsje kâns op twa tagongskaarten foar de PC! 

    Fol Fjoer

    Fol Fjoer is in telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de fjouwer Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen, it fierljeppen en it konkoers hippyk.
    (advertinsje)