Fol Fjoer fan 26 july 2018 17:30

It ljeppen hawwe se leard efter de stâl fan heit, oer de feart: de bruorren Ysbrand en Oane Galama fan It Heidenskip. Ysbrand ljept yn de heechste klasse, Oane besiket yn de twadde klasse him te kwalifisearjen foar it FK. Beide sitte se fol fjoer foar it fierljeppen.

Fol Fjoer

Fol Fjoer is in telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de fjouwer Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen, it fierljeppen en it konkoers hippyk.
(advertinsje)