Fol Fjoer fan 24 july 2018 17:30

It skûtsjesilen sit harren yn it bloed en se ha it der alle dagen wol oer: de bruorren Sytze en Harmen Brouwer. Sytze is skipper op it skûtsje fan It Hearrenfean en waard as debutant ferline jier twadde yn de SKS. Harmen is fokkenist oan board, mar is takom jier skipper op De Twee Gebroeders yn de IFKS. It gefoel fan de Brouwers oer de skûtsjesilerij sit djip.

Fol Fjoer

Fol Fjoer is in telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân oer de fjouwer Fryske simmersporten: it keatsen, it skûtsjesilen, it fierljeppen en it konkoers hippyk.
(advertinsje)