Foarinoar fan 9 desimber 2014 16:55

    De âlderen dy't yn De Spiker yn Harns wenje, krije alle wiken Loeki Witteveen op besite. Sy soarget foar de kofje en tee en makket in gesellich praatsje.

    Foarinoar

    Omrop Fryslân stjoert fan 17 novimber ôf de searje 'Foarinoar' út, oer frijwilligers yn ús provinsje. Alle wurkdagen lit in frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: in skûtsje bestjoere, in koar begeliede, hynsteride mei beheinden of helpe by de itensbank.
    (advertinsje)