Foarinoar fan 24 novimber 2014 16:55

    Skûtsjes kinne net farre sûnder frijwilligers. Underhâld, wedstriden farre of sponsoaren sykje, alles bart troch frijwilligers. Alco Reijenga is skipper fan it Hearrenfeanster skûtsje. Hy besteget dêr al syn frije tiid oan.

    Foarinoar

    Omrop Fryslân stjoert fan 17 novimber ôf de searje 'Foarinoar' út, oer frijwilligers yn ús provinsje. Alle wurkdagen lit in frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: in skûtsje bestjoere, in koar begeliede, hynsteride mei beheinden of helpe by de itensbank.
    (advertinsje)