Foarinoar fan 21 novimber 2014 16:55

    It koar fan Talant sjongt alle wiken út folle boarst mei, mei bekende nûmers. De leden hawwe allegearre in ferstanlike beheining. Corrie de Jong is de frijwillichster, dy't it koar mei in soad wille liedt.

    Foarinoar

    Omrop Fryslân stjoert fan 17 novimber ôf de searje 'Foarinoar' út, oer frijwilligers yn ús provinsje. Alle wurkdagen lit in frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: in skûtsje bestjoere, in koar begeliede, hynsteride mei beheinden of helpe by de itensbank.
    (advertinsje)