Foarinoar fan 17 novimber 2014 16:55

Omrop Fryslân stjoert fan 17 novimber ôf de searje 'Foarinoar' út, oer frijwilligers yn ús provinsje. Alle wurkdagen lit in frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: in skûtsje bestjoere, in koar begeliede, hynsteride mei beheinden of helpe by de itensbank.

Frijwilligers binne in wichtich diel fan de 'mienskip'; dat ek it tema fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 is. Sûnder harren is it net mooglik om sportclubs of kultureel erfguod te behâlden. Mûnen bygelyks wurde allegearre draaiende hâlden troch frijwilligers. Sels de measte musea draaie mei help fan frijwilligers. Ek yn de soarch binne ekstra hannen wolkom.

Wybren Siemensma is mûnder fan mûne ’t Zwaantje yn Nijemardum. It is de lêste poldermole yn it gebiet. Foar moles jildt: draaien litte is ûnderhâlde. En dat kin allinne mei frijwilligers.

Share this page on:

Foarinoar

(advertinsje)