Foarinoar fan 12 desimber 2014 16:55

    Radio Eenhoorn bringt út Menaam wei elts wykein ferslach fan de sport. Tjebbe Witteveen is hjir al fan syn tolfde ôf frijwilliger en sit alle wiken efter de mikrofoan.

    Foarinoar

    Omrop Fryslân stjoert fan 17 novimber ôf de searje 'Foarinoar' út, oer frijwilligers yn ús provinsje. Alle wurkdagen lit in frijwilliger sjen wat hy of sy docht. Dat kin fan alles wêze: in skûtsje bestjoere, in koar begeliede, hynsteride mei beheinden of helpe by de itensbank.
    (advertinsje)