Finster op 2019 fan 25 novimber 2018 17:30

Presintatoaren Karen Bies (Omrop Fryslân) en Kirsten van Santen (LC) prate mei ferskate gasten oer it jier fan LF2018 en de legacy fan it Kulturele Haadstêdjier. Lykas mei Marten Winters oer syn projekt '8ste Dag' en mei komponist en muzikant Sytze Pruiksma oer 'Conference of the Birds'.

Der wurdt ek praten oer de ekonomyske impact fan it kulturele jier en oer alle besikers. Sa fertelt Femke Haijtema fan it Fries Museum oer trije suksesfolle tentoanstellingen. Mei Hooman Nassimi giet it petear oer 'New Faces' en it belûken fan in brede groep minsken by de aktiviteiten fan LF2018. En fansels is der ek muzyk: fan Beppe Costa (fan ûnder oare 'Wereldburgers van de Voorstreek') en Lucette van der Berg (fan ûnder oare it iepeningswykein, 'Jiddish Waves' en 'Explore the North').

Finster op 2019 is in produksje fan Finster op Fryslân, mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

Finster op 2019

2018, it jier fan Ljouwert-Fryslân kulturele haadstêd, rint nei de ein. En wat barde der in soad! Live fan it slotfeest ôf, ek wol de re-opening neamd, stjoere wy it programma 'Finster op 2019' út snein om 17.30 oere.
Presintaasje: 
Karen Bies
(advertinsje)