Films by Omrop Fryslân fan 13 novimber 2020 21:00

' Water Wieg me'

Sanne Rovers makke in documentaire oer de fanfarepunkband 'De Kift'. De sanger en tekstskriuwer fan dizze band dy't al 30 jier bestiet, is Ferry Heijne. Yn ' Water Wieg me' farre wy mei him oer de noardelike fearten en marren om nei ferhalen ûnderweis te harkjen. It is in mankelyke, ûntroerende, poëtyske film oer weemoed. Tagelyk bringt de 'gekke' muzyk fan de Kift jo hyltyd wer mei beide fuotten op ierde.

Dizze film 'Water Wieg me' ha wy keazen omdat it in regionale film is, hjir yn it noarden opnommen. In film dy't op de Nederlânske tv al útstjoerd is. Sanne Roovers hat al in protte koarte dokumintaires makke.

Films by Omrop Fryslân

Yn de wike dat oars it Noordelijk Film Festival wêze soe, stjoert Omrop Fryslân trije kear in film út.
(Advertinsje)