Films by Omrop Fryslân fan 12 novimber 2020 21:00

The Happiest day in the life of Olli Mäki.

It is it wierbarde ferhaal oer Olli Mäki, Finsk kampioen lichtgewicht boksen. It spilet him ôf yn 1962, dêrom is de film yn swartwyt. Olli kin wrâldkampioen 'vedergewicht' wurde, as hy bokst tsjin in donkere Amerikaan. Dy komt nei Helsinki. Der is in soad publisiteit, Olli moat yn training en ek in pear kilo ôffalle. Mar yntusken wurdt er fereale op Raija, in famke út syn doarp. It wurdt foar Olli hiel dreech om de holle by de tarieding fan de wedstryd te hâlden. Hy moat kieze mar kin ek dat net. In moaie en grappige film, ek foar sportleafhawwers. In film út 2017.

https://filmkrant.nl/recensies/the-happiest-day-in-the-life-of-olli-maki/
 

Films by Omrop Fryslân

Yn de wike dat oars it Noordelijk Film Festival wêze soe, stjoert Omrop Fryslân trije kear in film út.
(Advertinsje)