Films by Omrop Fryslân fan 11 novimber 2020 21:00

Sami Blood

Sami Blood spilet yn de jierren 30 fan de foarige iuw. It is in film oer it Sami famke Elle-Marja fan 14 jier, dat yn Noard-Sweden tusken de rindieren in nomade-bestean hat. Mei har suske giet se nei in ynternaat giet foar skoalle. Elle Marja wol graach fierder leare, mar de Sami waarden yn dy tiid bot diskriminearre (noch hiel lang trouwens), it Sweedske regear hie in rasistysk belied. We sjogge it famke as se ûntsnapt nei de stêd Uppsala mar dêr ek yn problemen komt. In 'coming of age' drama, prachtich filme. Twa jier lyn draaide de film yn de bioscoop. It past by de Omrop omdat it ek oer in 'culturele minderheid' giet, al kinst it libben fan de Sami echt net fergelykje mei de Friezen.

https://cinemien.nl/film/sami-blood/

Films by Omrop Fryslân

Yn de wike dat oars it Noordelijk Film Festival wêze soe, stjoert Omrop Fryslân trije kear in film út.
(Advertinsje)