Fierljepkafee fan 11 augustus 2017 18:00

    Freed 11 augustus is alwer de fjirde edysje fan it Fierljep Kafee. It radioprogramma wurdt presintearre troch Gerrit de Boer en The Memphis Four fersoarget de muzikale yntermezzo’s.

    Under oaren te gast yn it kafee is Bart Helmholt, sânfâldich Frysk kampioen en noch altyd hâlder fan it Nederlânsk rekôr. Fierder komme we yn de kunde mei de nije foarsitter fan It Frysk Ljeppers Boun: Teije Dijk fan Burgum. Fansels binne de favoriten fan it FK Fierljeppen fan dit jier, sa as Nard Brandsma, Thewis Hobma, Marrit van der Wal en Klaske Nauta, te gast yn it kafee.

    It programma hat spesjaal omtinken is foar it jier 1986; it alderearste jier op de nije akkommodaasje yn Winsum. Wiene de ljeppers en de organisaasje klear foar de nije situaasje en hoe gie dat? Winner waard doe Gerhard Vlieger mei in nij Frysk rekôr. Ek de nûmers 2 en 3 skowe oan: Jan Knol en Bjinse Wolters. Etty Kramer-Spriensma waard doe de earste winner by de froulju.

    (advertinsje)