Fierljep Kafee fan 9 augustus 2019 18:00

    Wa wurde de nije kampioenen op it FK fan 2019? Yn it de sechsde edysje fan it Fierljep Kafee wurdt hjir al flink oer foarpraat by Omrop Fryslân op de radio. Neist presintator Gerrit de Boer en âld-ljepper Bart Helmholt foar it earst plak as sidekick.

    Sintraal tema yn it kafee is it FK fierljeppen fan 1979. Dat jier waard Rindert Rosier kampioen by de senioaren, junior Catharinus Hoekstra wûn de sulveren pols. Ek beprate Gerrit en Bart de rentree fan fierljeptoppers Marrit van der Wal, Anna-Jet Leyenaar en it seizoen fan Sigrid Bokma. Fansels wurdt der ek wer foarútsjoen op it Frysk kampioenskip mei saakkundigen: wa binne de kânshawwers en wat binne de ferwachtingen? En as de winners bekend binne, streamt de boppeseal fan Herbech de Trijesprong yn Winsum fol foar 'de tredde helte'. Wat kinne de gasten oer dy feesten fertelle?

    Dêrnjonken komt Hannes Scherjon oan it wurd oer syn Fierljepmuseum dat dit jier iepene yn Noardburgum. Sportferslachjouwer Roelof de Vries docht dit jier foar it earst de kollum fan it Fierljep kafee en 'The Lucky Daltons' soargje foar de muzikale ûndersteuning yn it programma.

    Alles oer it fierljeppen fynst op Omropfryslan.nl/fierljeppen.

    Fierljep Kafee

    Yn it Fierljep Kafee wurdt troch presintator Gerrit de Boer mei gasten foarútsjoen nei it FK fierljeppen en weromsjoen op it ljepseizoen.
    (advertinsje)