Fierljep Kafee fan 11 augustus 2017 18:00

Yn de fjirde edysje fan it Fierljep Kafee wurdt ûnder oaren Bart Helmholt, sânfâldich Frysk kampioen en hâlder fan it Nederlânsk rekôr, ûntfongen. Fierder komme wy yn de kunde mei de nije foarsitter fan It Frysk Ljeppers Boun: Teije Dijk van Burgum. Ek de favoriten fan dit jier, Nard Brandsma, Thewis Hobma, Marrit van der Wal en Klaske Nauta, binne te gast in het Kafee.

It programma hat ek yn it bysûnder omtinken foar it jier 1986; it earste jier op de nije akkomodaasje yn Winsum. Wiene de ljeppers en de organisaasje klear foar de nije situaasje en hoe gong dat? Winner waard Gerhard Vlieger mei in nij Frysk rekôr. Ek de nûmers 2 en 3, Jan Knol en Bjinse Wolters, skowe oan. It programma wurdt presintearre troch Gerrit de Boer. The Memphis Four fersoarget de muzikale yntermezzo’s.

Fierljep Kafee

Yn it Fierljep Kafee wurdt troch presintator Gerrit de Boer mei gasten foarútsjoen nei it FK fierljeppen en weromsjoen op it ljepseizoen.
(advertinsje)