It Oerd op Amelân is it dekôr foar Bart Kingma om de nacht troch te bringen mei Bearn Bilker. Boargemaster dy't him echt boargerheit fielt, yn in gemeente dy't nochal wat minsklike drama's foar de kiezzen krigen hat. Mar ek in boargemaster dy't in soad tiid stekt yn syn passy: keningshuzen yn Europa. En in boargemaster dy't him der net foar skammet om op te fallen, mei populêre lêzingen en optredens yn de media. In boargemaster mei ambysjes dus, mar ek mei relativearring, en humor. En fertriet.
Sjoch foar mear Fiel de Nacht op de spesjale side.