De ferhalen fan Frans Houtman en Dirk de Vries
Yn de earste útstjoering sjogge wy Frans Houtman en syn frou Marijke. Sy wenje yn ien fan de huzen neist de slûs fan Koarnwertersân. De ynternetferbining is min en se betelje harren skeel oan propaangas, mar dochs fynt Houtman it in geweldich plan om te wenjen, sa oan de Ofslútdyk.
Fierder sjogge wy Dirk de Vries (75). Yn 20 jier tiid fytste hy út it Noard-Hollânske Wervershoof tûzen kear in rûntsje om de Iselmar. In tocht fan mear as 200 kilometer. Fêst ûnderdiel fan de tocht wie de Ofslútdyk, mar fanwege de ferbouwing kin der foarearst net fytst wurde oer de dyk.