Ferhalen fan de Ofslútdyk fan 5 juny 2021 18:15

De ferhalen fan de bemanning fan it kontenerskip 'Royaal' en de minsken achter de 'TidalKite'

Elke wike fart it kontenerskip 'Royaal', 100 meter lang en 12 meter breed, trije kear de rûte Harns - Amsterdam hin en wer. De bemanning, dy't troch de wike altyd op it skip is, kin de rûte wol dreame. Dochs moatte se derom tinke bliuwe, want se komme ûnderweis in tal lestige stikken tsjin, wêrûnder de slûs by Koarnwertersân.

De Ofslútsyk is in ikoan fan de Nederlânske striid tsjin it wetter. Mar wetter is net allinne de fijân, it is ek in boarne fan enerzjy. Sa ûntwikkelen Youri Wentzel, Maarten Berkhout en Maurits Alberda fan it bedriuw SeaQurrent de 'TidalKite', in ûnderwetterfleaner dy't stroom helje kin út it eb en floed.

Mear ynfo:

https://www.omropfryslan.nl/nijs/911670-fideo-de-soldaten-hiene-persoanlik-gjin-hekel-oan-inoar

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1004843-fideo-jan-de-krijger-wit-alles-oer-de-ofslutdyk-het-voelt-een-beetje-als-mijn-dijk

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)