Ferhalen fan de Ofslútdyk fan 19 juny 2021 18:15

De ferhalen fan Koen van Bolhuis en Johan Pollema

Kitesurfe is de grutte passy fan Koen van Bolhuis. It hoecht mar in bytsje te waaien en hy is net te hâlden. In gewoane baan is neat foar him en dêrom hat er yn 2008 syn eigen kitesurfskoalle oprjochte. It stik Iselmar by Koarnwertersân is tige geskikt om les te jaa

Johan Pollema (69) fan Surch fertsjinne eartiids syn jild mei it stekken fan seewjirms. Tsjintwurdich hat Pollema yn Surch, oan it begjin fan de Ofslútdykdyk, in angelsportwinkel. Dêrneist hat er yn 'e jierren in unike fotokolleksje by inoar garre oer de skiednis fan de dyk. In hobby, dy't in bytsje út de hân rûn is.

Mear ynfo:

https://www.omropfryslan.nl/nijs/980126-fideo-kitesurfe-de-ofslutdyk-it-waait-dan-wol-ik-dat-net-misse

https://www.omropfryslan.nl/nijs/969086-fideo-johan-pollema-sammelet-fotos-oer-de-skiednis-fan-de-ofslutdyk

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)