Ferhalen fan de Ofslútdyk fan 12 juny 2021 18:15

De ferhalen fan Henk de Jong en de leppelbekken fan de Banaan

Henk de Jong fan Makkum is al sûnt 2002 wei-ynspekteur op de Ofslútdyk. Hy moat derfoar soargje dat op de sneldyk it ferkear goed trochstreame kin en dat it feilich is. As der kalamiteiten binne, soarget hy foar in feilige situaasje foar it ferkear.

De Banaan, in daam yn de foarm fan in banaan dy't foar de Stevinsluzen by Den Oever leit, is al jierren in populêr briedplak foar leppelbekken. Yn it kader fan de renovaasje fan de Ofslútdyk is ek dizze daam ôfrûne winter oanpakt en ferhege. Spesjaal foar de leppelbekken is de âlde begroeiïng bewarre en opnij oanbrocht.
 

Mear ynfo:

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1013304-fideo-henk-wei-ynspekteur-op-de-ofslutdyk-minsken-springe-my-wolris-om-de-nekke

https://www.omropfryslan.nl/nijs/987946-fideo-fine-de-leppelbekken-it-paad-werom-nei-de-banaan

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)