Ferhalen fan de Ofslútdyk fan 10 jannewaris 2022 17:15

De ferhalen fan Aalt van der Hul en Laura Vosteryte

Aalt van den Hul (64) is syn hiele libben al wurksum yn de wetterbou, mar no hat er wol in hiel bysûndere put: hy transplantearret reid. Yn de Noordwaard by Makkum is in oerskot oan reid en dat kin goed brûkt wurde by de oanlis fan de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk.

Laura Vosteryte (33) wurket as útfierder foar boukonsortsium Levvel yn opdracht fan Rijkswaterstaat mei oan de fersterking fan de Ofslútdyk. By Koarnwertersân wurket se mei oan de bou fan in grutte heechwetterkearing. Dizze moat de slûs en de draaibrêge beskermje tsjin heechwetter en stoarm fan de Waadsee ôf.

Mear ynfo:

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1058862-aalt-transplantearret-reid-de-ofslutdyk-elke-keer-een-mooi-stukje-nieuwe-natuur

https://www.omropfryslan.nl/nijs/1068690-fideo-wurkje-oan-de-fersterking-fan-de-ofslutdyk-het-nooit-saai

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)