Ferhalen fan de Ofslútdyk fan 1 maart 2021 17:15

De ferhalen fan Ben Bruinsma, Sjaak Bakker en Bert Rotgans

Ben Bruinsma fan Sint-Anne is gek fan âlde gewaaksen dy't te finen binne op de Ofslútdyk. By de renovaasje fan de dyk ferdwine de plantsjes. Dêrom giet Bruinsma nei de Ofslútdyk ta om de siedsjes te sammeljen. As de ferbouwing oer in pear jier klear is, kin hy de siedsjes werom plantsje om sa de natuer te behâlden.

Sjaak Bakker en Bert Rotgans út Den Oever binne ielfiskers op de Iselmar.
Se pachtsje in stikje wetter by de Ofslútdyk dêr't se harren fûken útsette meie. Hoewol't beide manlju alle dagen noch mei wille op de boat stappe, is it fak net mear wat it west hat.

Ferhalen fan de Ofslútdyk

Yn Ferhalen fan de Ofslútdyk wurdt it ferhaal fan dit ikoanyske bouwurk ferteld troch de eagen fan de minsken dy't alle dagen mei de dyk te krijen hawwe.
(Advertinsje)