Fan ús fan 9 july 2019 17:35

Yn it nije programma 'Fan ús' fan Omrop Fryslân sjogge we yn fiif ôfleveringen hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum. De mear as 200.000 items dy't it Fries Museum yn it behear hat fertelle it ferhaal oer ús erfgoed. In ferhaal dat oer ús giet, fan ús is; mar hoe wurdt it fan ús?

It ferhaal fan Pim Dinghs út Brussel is yn dizze earste ôflevering te sjen. Hy fynt in echte Alma Tadema tekening op in antykmerk en beslút dat dy tekening mar op ien plak thúsheart: it Fries Museum.

Fan ús

In searje fan fiif ôfleveringen dêr't we sjogge hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum.
(advertinsje)