Fan ús fan 2 july 2019 17:35

Ek yn it museum moat der opromme wurde. Dat falt net ta mei de 200.000 items dy't it Fries Museum yn behear hat. De metoade Marie Kondo - wurde je der net bliid fan, dan fuort dermei -, giet hjir net op. Hiel sekuer, alles fêstlizze, op syk nei in oar museum of nei in hiel soad speurwurk by de skinker fan eartiids útkomme: dat betsjut opromje foar in museum. Jonkhear van Andringa de Kempenaer wist net wat er seach; doe't de sjeas fan de famylje nei 120 jier by him op de oprit stie.

Fan ús

In searje fan fiif ôfleveringen dêr't we sjogge hoe't it efter de skermen wurket by it Fries Museum.
(advertinsje)