Fan binnenút: Tiny Altena

Tiny Altena is sosjaal psychiatrysk ferpleechkundige op de IHT, de intensive home treatment. De IHT is der op rjochte om safolle mooglik foar te kommen dat minsken opnommen wurde. Mar is thús behannelje dan safolle better?

Fan binnenút Podcast

Yn 'Fan binnenut' praat programmamakker Miranda Werkman ien op ien mei helpferlieners fan de GGZ. Hoe sjogge sy nei de taname fan it tal meldings oer betize persoanen? Wat is der feroare yn har wurk, de maatskippij en it belied? Wêrom krijt de ien it wol en de oar net? En hoe kwetsber binne se sels?
(advertinsje)