Fan Binnenút, spesjal selsdeading #3

"Minsken skamje har faak foar suïsidale gedachten"

Yn dizze podcastspesjal oer selsdeading komme yn trije ôfleveringen de neibesteande, de erfaringssaakkundige en de psychiater oan it wurd. Diel 3, psychiater Agnes de Groot.

Prate. Dat helpt. Freegje. Dat helpt. Freegje oft ien gedachten oan de dea hat. Dat is lestich, want faak skamje minsken har derfoar. En se moat sels ek wol in drompel oer as it giet om minsken yn har eigen omjouwing. Dochs stelt se privee ek faker dizze fragen, omdat se út har wurk wei wit watfoar ferskil oft it meitsje kin. Se wurket in soad mei minsken dy't suïsidaal binne en nee, se leit net wekker fan it wurk. Ek al hat se as professional wol in emosjonele bân mei har pasjinten. En leit se wol wekker as ien himsels tekoart dien hat. Se soe graach wolle dat it gedrach te foarsizzen wurdt, mar dêr is noch folle mear ûndersyk foar nedich.

Fan binnenút Podcast

Yn de podcast fan 'Fan binnenut' dit keer in spesjal fan trije. Oer selsdeading. De neibesteande, de ervaringsdeskundige en de psychiater komme oan it wurd. De podcast heart by de tredde tv-searje. Programmamakker Miranda Werkman praat yn searje twa mei meiwurkers fan de organisaasjes dêr't sy yn de tv-searje by efter de doarren sjocht: jeugdbeskermers, gedrachswittenskippers, fertrouwensdokters en (yn de earste rige) helpferlieners fan de GGZ.
(Advertinsje)